Skip to main content

Resilience in Frisian Humanities 

Resilience/ Fearkrêft

It Frysk en de Fryske skiednis kent op ferskate mêden in grutte fearkrêft. Sa wiene de Friezen yn de midsiuwen by steat om har eigen bestjoer en eigen rjochtssysteem oerein te hâlden. De ferneamde Fryske Frijheid jildt as in prachtich foarbyld fan fearkrêft. Mar men kin ek tinke oan de 19e iuw, doe’t de Romantyk en de Fryske Beweging opkamen yn de kontekst fan it nije Keninkryk der Nederlannen. Dy ûntwikkelings ha in soad betsjutten foar de komst fan in standert grammatika, de stúdzje nei de Fryske taal en foar de Fryske literatuer. 

Fearkrêft fan it Frysk is ek hjoed-de-dei in wichtich tema. Hoe kin in lytse taal har steande hâlde yn in hieltyd globalisearjendere wrâld? Ek no sjogge wy ûntwikkelings, bygelyks binnen it ûnderwiis mei it ambisjeuze Taalplan 2030 en de opkomst fan technologyske tapassings lykas spraakwerkenning en –synteze foar lytse talen.

Men kin tinke oan de yntegraasje fan lytse of minderheidstalen yn it meartalich ûnderwiis, sawol binnen it foarskoalsk ûnderwiis as basis-, fuortset ûnderwiis en oant ûnderwiis oan folwoeksenen. De útdagings dêr’t lytse talen tsjinoan rinne as sy spraak- en/of taaltechnologyske tapassings ûntwikkelje wolle komme oan bod.