Skip to main content

WestCord WTC Ljouwert

De twadde Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen fynt plak yn WestCord WTC Ljouwert. Dizze lokaasje leit ideaal oan de útfalsdiken en tichtby it histoaryske sintrum fan Ljouwert. De lokaasje hat ynternasjonale bekendheid mei tank oan de goede berikberens, de prima produksjes en de poerbêste fasiliteiten. Der is ek in brassery, in bar en in earsteklas restaurant-lounge bar mei in prachtich útsjoch oer Ljouwert.

It WestCord WTC Hotel is in fjouwer-stjerrehotel en beskikt oer 142 lúkse en komfortabele designkeamers, dêrûnder ferskate en tige romme suites en in prachtige breidssuite. In soad keamers binne foarsjoen fan in tuskendoar en binne dêrtroch tige geskikt foar húshâldingen. Hotelgasten kinne garandearre fergees parkearje njonken it hotel.

[fan: westcordhotels.nl...]

Adres

Heliconwei 52
8914 AT Ljouwert

Telefoan (resepsje)

+ 31 (0) 58 - 233 4900

E-mail

leeuwarden@westcordhotels.nl

Webside

westcordhotels.nl/hotel/wtc-hotel-leeuwarden/

Let op: by de konferinsjelokaasje kinne se net jo fragen oer de Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen beäntwurdzje. De kontaktgegevens fan it organisaasjekomitee fine jo hjir.