Skip to main content

Programma

14-16 september 2022, Westcord WTC Hotel, Ljouwert

 

Mei grutskens presintearje wy it programma foar ús Second Conference on Frisian Humanities! It hat ús hiel wat gepuzzel koste om dit foarinoar te krijen (en om alle sprekkers in plak te jaan! ), mar wy binne der wis fan dat wy in geweldich nijsgjirrige konferinsje foar jo gearstald hawwe. Mei 4 haadsprekkers, 8 colloquia, 30 ûndersykspresintaasjes en ferskate posterpresintaasjes, hawwe wy in fol programma.

Updates
Yn in konferinsjeprogramma mei safolle sprekkers kinne altyd wizigings plakfine.
De lêste update is fan: 09-09-2022. Sjogge jo dizze datum net yn it programma, ferfarsk dan de pdf (mei F5) of smyt jo browserskiednis fuort. 

Nei it programma (pdf) >>

 

Book of Abstracts

Alle ûndersyksgearfettingen fan de presintaasjes fine jo yn it Book of Abstracts.

Nei it Book of Abstracts >>

 

Akademydei

De Fryske Akademy nûget alle leden, stipers en relaasjes fan herte út ta it bywenjen fan de jierlikse Akademydei, 84ste Dies Natalis. Ek jo binne fan herte wolkom. De tagong is fergees, registraasje is wol needsaaklik.

  • Komme jo nei it Frisian Humanities kongres? Yn it registraasjeproses wurdt jo frege oft jo ek nei de Akademydei komme wolle. 
  • Komme jo net nei it Frisian Humanities kongres? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje en oanmeldmooglikheden.

 

Ynterfrysk Kongres

Op sneon 17 septimber fynt it 28e Ynterfrysk Kongres plak yn Dokkum. It programma dêrfoar fine jo op de webside fan de Fryske Rie.