Skip to main content

Konferinsjehotel: WestCord WTC Hotel Ljouwert

Spesjale koarting foar ús gasten

It 4-stjerren WestCord WTC Hotel Ljouwert biedt de gasten fan de 2e Conference on Frisian Humanities in spesjaal foardieltaryf!

In Comfort Keamer foar mar € 102,50 (1 persoan) *

* Inclusief btw, excl. lokale toeristenbelasting (€ 1,65, - per nacht ). It moarnsiten is ynbegrepen.

De Comfort Keamer hat in twin bêd, in badkeamer mei reindûs, toilet, airconditioning, buro, föhn, (laptop)klûs, tv, espressomachine, wetterkoker, strykizer mei strykplanke, mobile telefoan en roomservice mooglikheid. Der is ek fergeze wifi, in fergeze fitnessromte en fergeze parkeargelegenheid.

De keamerpriis is basearre op in ienpersoanskeamer foar ien persoan. Jo kinne in ekstra gast meinimme, mar dan binne der ekstra kosten (€17,50,-, dat makket in totaal fan mei-inoar € 120, - foar 2 persoanen de nacht ).

It WestCord WTC Hotel Ljouwert hat op oanfraach ûnderling ferbûn famyljekeamers beskikber.

Boeken mei koarting

Boek dyn keamer(s) fia de website en brûk de spesjale koartingskoade
FRYSKE_AKADEMY22!

Tink derom: dizze koartingskoade is allinnich jildich op de data fan it kongres! De koade is net jildich op telefoanyske reservearringen of op oare boekingswebsiden.