Skip to main content

Registraasje en tagongsprizen

Ticket keapje

Jo kinne in ticket keapje FIA DIZZE LINK.

Nei it ynfoljen fan jo gegevens wurde jo trochferwiisd nei de befeilige bankomjouwing fan de Fryske Akademy om de betelling definityf te meitsjen.

 

Ticketprizen

In ticket foar de 2e Konferinsje oer Fryske Geesteswittenskippen is jildich foar de hiele konferinsje (14, 15 en 16 septimber 2022), en is ynklusyf drankjes en lunches oerdeis.

  • Passe-partout (alle dagen)

It normale tagongstaryf is €160,- (alle dagen)
Foltiidstudinten biede wy in spesjaal koartingstaryf: €100,- (alle dagen).

  • Entree foar ien dei

As jo beslute mar ien dei te kommen, is dat ek mooglik.

Tagong woansdei 14 September 2022 (ynklusyf drinken/ lunch)
Normaal: €85,-
Mei koarting *: €60,-

Tagong tongersdei 15 September 2022 (ynklusyf drinken/ lunch)
Normaal: €45,-
Mei koarting *: €30,-.

Tagong freed 16 September 2022 (ynklusyf drinken/ lunch)
Normaal: €45,-
Mei koarting *: €30,-.

* Foltiidstudinten biede wy in spesjaal koartingstaryf.

De tongersdeitemiddei en de freedtemiddei binne publyksmiddeis. Nei de lunch is de tagong fergees. 
Binne jo net affiliearre oan in ûndersyksynstitút en komme jo yn 'e swierrichheden troch de hichte fan it tagongstaryf? Nim dan kontakt op mei it organisaasjekomité. 

>> NEI DE TICKETS