Skip to main content

Call for Papers


>> Klik hjir om de Oprop foar Undersyksgearfettingen del te laden as in pdf-bestân
>> Click here to download the Call for Papers as a pdf file


De Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Geletterdheid fan NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Fryske Taal en Letterkunde fan de Ryksuniversiteit Grins, en de ôfdieling Taal, Technology en Kultuer fan RUG/Campus Fryslân organisearje mei-inoar it

 

Twadde Frysk Geasteswittenskiplik Kongres
(Second Conference on Frisian Humanities)

13 - 16 septimber 2022 | WestCord WTC Hotel, Ljouwert

 

CALL FOR PAPERS

 

Fearkrêft yn ’e Fryske Geasteswittenskip

De Fryske taal en skiednis litte grutte fearkrêft sjen yn allerhande domeinen. Bygelyks yn de midsiuwen koene Friezen harren eigen foarm fan bestjoer en rjocht behâlde. De ferneamde ‘Fryske frijheid’ is in moai foarbyld fan fearkrêft. In oar foarbyld wurdt fûn yn de 19e iuw doe’t de Fryske Beweging opkaam as part en resultaat fan de Europeeske Romantyk. De Fryske Beweging wie in wichtige faktor by it ûntstean fan de Fryske literatuer en de yngeande stúdzje fan de Fryske taal, folkloare en skiednis.

De fearkrêft fan de Fryske taal en kultuer stiet tsjintwurdich yn it middelpunt fan de belangstelling. Hokfoar útdagings rinne minderheidstalen lykas it Frysk tsjinoan en hoe kin oan dy útdagings foldien wurde? Hjoeddeistige ûntjouwings befiemje in breed palet oan mêden lykas ûnderwiis (Taalplan 2030) en taaltechnology (spraakwerkenning en -syntese). Minderheidstalen binne yntegrearre yn ûnderwiis fia meartaligens en translanguaging op alle nivo’s yn it ûnderwiis.

It 2e Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (2nd Conference on Frisian Humanities) hat as doel om alle ûndersikers en studinten binnen it multidisiplinêre fjild fan Fryske geasteswittenskippen (West-Frysk, Saterfrysk en Noard-Frysk) en/as minderheidstalen byinoar te bringen. Wy binne bliid mei abstracts (ûndersyksgearfettingen) mei in fokus op (mar net beheind ta):

  • Fryske taalkunde
  • Meartaligens yn in minderheidskontekst
  • Meartalich ûnderwiis yn in minderheidskontekst
  • Spraak- en taaltechnology foar saneamde ‘low-resourced languages’
  • Midsiuwsk Fryslân
  • 19e iuwske skiednis fan it Fryske taalgebiet
  • Literatuer yn minderheidstalen, yn it bysûnder it Frysk
  • Films yn minderheidstalen

Abstracts mei orizjineel, net-publisearre ûndersyk kinne yn twa formaten ynstjoerd wurde: yndividuele papers en posters. Abstracts soene by foarkar relatearje moatte oan ien (as mear) fan de tema’s dy’t hjirboppe steane. De Wittenskiplike Kommisje stiet ek iepen foar foarstellen foar in workshop. Soene jo in workshop organisearje wolle, nim dan kontakt op mei de organisaasje fia info@frisianhumanities.frl foar mear ynformaasje.

 

Abstracts foar yndividuele papers of posters

Stjoer in abstract (maks. 450 wurden ynkl. referinsjes) oer jo paper of poster fia de link hjirûnder. Yn it ynstjoerproses wurde jo frege om ek jo namme, affiliaasje, adres, tillefoannûmer en emailadres te jaan. It abstract moat genôch ynformaasje befetsje sadat reviewers de wittenskiplike wearde goed hifkje kinne.

De offisjele talen fan de konferinsje binne Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk. De sesjes oer meartalich ûnderwiis, meartaligens yn in minderheidskontekst en dy oer spraak- en taaltechnology foar minderheidstalen sille yn it Ingelsk wêze. As in presintaasje basearre is op data yn in oare taal, dan wurdt meartalich materiaal (bgl. PowerPoint slides, omparters) advisearre.

Mûnlinge papers sille 30 minuten duorje mei 20 minuten foar presintaasje en 10 minuten foar fragen.

De abstracts foar papers en posters kinne hjir ynstjoerd wurde.

 

Belangrike data

Ynstjoeren fan abstracts foar papers of posters: 15 maart 2022 (deadline is ferskood!).

Berjocht fan akseptaasje fan papers of posters: 15 april 2022.

 

It hifkjen fan de abstracts

Alle abstracts wurde anonym hifke troch leden fan de Wittenskiplike Kommisje fan de 2nd Conference on Frisian Humanities. Abstracts wurde evaluearre op basis fan harren kontribúsje oan it fjild, de ynhâld, de tematyske relevânsje en de kwaliteit fan it abstract (organisaasje, helderheid yn formulearring). Wy akseptearje: (a) in maksimum fan fjouwer papers/posters per auteur; (b) de auteur mei mar fan twa papers/posters earste auteur wêze.

 

Sjoch de webside www.frisianhumanities.frl foar it lêste nijs oer de 2nd Conference on Frisian Humanities.

Skriuwadres fan de organisaasje: info@frisianhumanities.frl.

 


>> Klik hjir om de Oprop foar Undersyksgearfettingen del te laden as in pdf-bestân
>> Click here to download the Call for Papers as a pdf file