Spring naar hoofd-inhoud

Keynote

Jarich Hoekstra

  • Dat / oft / 't
  • Trije ûngelikense ûnderskikkers (complementizers)
  • Fariaasje binnen it Fryske bynwurdsysteem
  • Christian-Albrechts-Universität in Kiel (Dútslân)
  • 'The syntax of infinitives in Frisian'

Keynote lecture

Jarich Hoekstra - 'It Fryske bynwurdsysteem: in enklityske ûnderskikker en in Doubly-Filled Comp'

It moderne Westerlauwersk Frysk hat in tipelsinnich bynwurdsysteem. Sa foar 't each hat it trije ûngelikense ûnderskikkers (complementizers) ta syn foldwaan: njonken in ûnderskiker fan it THAT-type (1a) en ien fan it IF-type (1b), dy't ek út oare Germaanske talen bekend binne, hat it ek noch in enklityske ûnderskikker (1c):

(1)

a. dat [dɔt] 'that'
b. oft   [ɔt]  'if'
c. 't      [t]   ?

By oft fynt men foarmferkaat (as, at). Boppedat is de distribúsje fan 'e trije ûnderskikkers yn it earste oankommen frijwat in tizeboel. De ûnderskikker dat oppenearret him yn deklarative bysinnen (2a) en de ûnderskiker oft ferskynt (ûnder oaren) yn polêre freegjende bysinnen (2b):

(2)

a. Hy seit , dat er jûn komt.
b. Ik freegje, oft er jûn komt.  

Mar yn freegjende bysinnen mei in fraachwurd, yn betreklike bysinnen en yn bywurdlike bysinnen is de situaasje net fuortendaliks dúdlik. Ferlykje bygelyks de patroanen yn (3)

(3)

a. Ik frege, wa *dat / oft / 't jûn kaam.
b. Hy wist net, hokker *dat / oft / *'t se bedoelde.
c. De studint, dy *dat / *oft / 't dêr rint…
d. De boer, dy syn hynder *dat / oft / *'t stellen is…
e. Doe *dat / *oft / 't ik thúskaam…
f. …nei dat / *oft / 't er de bern op bêd brocht hie…

Yn myn lêzing wol ik besykje om de distribúsje fan 'e trije ûnderskikkers yn it Frysk te ferklearjen en de parameters fêst te stellen foar de fariaasje binnen it Fryske bynwurdsysteem en mei de bynwurdsystemen fan 'e oare (West)Germaanske talen. De lêzing revidearret foar in part in earder (ûnpublisearre) artikel fan mines oer itselde ûnderwerp (Hoekstra 1993).

Hoekstra, Jarich. 1993. The Split CP Hypothesis and the Frisian Complementizer System. Ûnpublisearre hs., Fryske Akademy, Ljouwert.

Biography

Jarich Hoekstra

Jarich Hoekstra (berne 1956 yn Hitsum) studearre skandinavistyk en frisistyk oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Hy wurke fan 1981 oant 1999 as leksikograaf en grammatikaal ûndersiker by de Fryske Akademy en wie fan 1999 oant 2022 professor foar frisistyk oan 'e Christian-Albrechts-Universität in Kiel (Dútslân).

Yn 1997 promovearre er mei in dissertaasje oer 'The syntax of infinitives in Frisian'. Yn syn ûndersyk leit er him benammen út op 'e morfology en de syntaksis fan it (Westerlauwersk, East- en Noard)Frysk út in ferlykjend (West)Germaansk eachweid.