Fjouwer eksperts yn harren fakgebiet

De organisaasje hat fjouwer bysûndere sprekkers útnûge om nei Ljouwert te kommen, alle fjouwer eksperts yn harren fakgebiet:

Barbara Gross (Free University of Bozen-Bolzano, Itaalje / Goethe-University Frankfurt, Dútslân) fertelt oer 'Linguistic and cultural heterogeneity in super-diverse contexts: The example of South Tyrol, Italy'.

Jarich Hoekstra (Christian-Albrechts-Universität yn Kiel, Dútslân) wit alles oer 'It Fryske bynwurdsysteem: in enklityske ûnderskikker en in Doubly-Filled Comp'.

Joep Leerssen (University of Amsterdam/ Maastricht University) hâldt in lêzing oer 'Minor languages negotiating the rise and fall of the Public Sphere'.

Odette Scharenborg (Delft University of Technology) komt ek nei Ljouwert en har lêzing giet oer 'Towards inclusive automatic speech recognition'.

Ynkoarten meitsje we it programmaskema bekend. Mear witte oer de keynotesprekkers? Sjoch dan hjir!