Deadline Call for Papers ferskood nei 15 maart 2022

Wolle jo op ús kongres in presintaasje jaan oer jo ûndersyk? Wy ûntfange jo ûndersyksgearfetting graach. De deadline fan de Call for Papers is opskood nei 15 maart 2022, mar wachtsje net te lang mear mei ynstjoeren.

De Call for Papers kinne jo hjir fine, of jo kinne de oprop dellade as in pdf-bestân yn it Frysk of Ingelsk

Abstracts (ûndersyksgearfettingen) mei orizjineel, net-publisearre ûndersyk kinne yn twa formaten ynstjoerd wurde: yndividuele papers en posters. Abstracts soene by foarkar relatearje moatte oan ien (as mear) fan de tema’s dy’t hjirûnder steane.

Wy binne bliid mei abstracts mei in fokus op (mar net beheind ta):

- Fryske taalkunde
- Meartaligens yn in minderheidskontekst
- Meartalich ûnderwiis yn in minderheidskontekst
- Spraak- en taaltechnology foar saneamde ‘low-resourced languages’
- Midsiuwsk Fryslân
- 19e iuwske skiednis fan it Fryske taalgebiet
- Literatuer yn minderheidstalen, yn it bysûnder it Frysk
- Films yn minderheidstalen

De Wittenskiplike Kommisje stiet ek iepen foar foarstellen foar in workshop. Soene jo in workshop organisearje wolle, nim dan kontakt op mei de organisaasje fia info@frisianhumanities.frl foar mear ynformaasje.